Harns: net yn 'e camper sliepe

20 aug 2004 - 10:47

Samar in nacht op in parkearplak yn 'e camper sliepe is der takommend jier yn de gemeente Harns net mear by. De gemeenteried wol de campers tenei allinnich tastean op kamping Zeehoeve. Minsken dy't de camper lâns de grutte dyk sette, sille beboete wurde. Der wurdt simmerdeis geregeld oernachte yn campers by De Stiennen Man.

Hoe heech de boete krekt wurde sil is noch net bekend, mar dat der boetes foar jûn wurde sille is wis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)