Jong Cambuur wint fan Emmen
Jong Cambuur hat tongersdei mei 3-1 de bekerwedstriid wûn fan Jong Emmen. Stefan Lier makke nei trije minuten al de 1-0. Yn de 39ste minút waard it 1-1 troch in penalty fan Mooibroek. Yn de twadde helte skoarde Cambuur noch twa kear. De 2-1 kaam op namme fan René Kalsbeek. Tarek Hashemi makke 3-1.
It bekertoernoai by de beloften wurdt spile yn in poule. Jong Cambuur moat noch spylje tsjin de beloften fan It Fean, Grins en Veendam.
Trefwurden:
argyf