Sjitpartij by azc Ljouwert

19 aug 2004 - 17:30

By in sjitynsindint by asylsikerssintrum Burmania oan de Troelstrawei yn Ljouwert binne woansdeitejûn let trije minsken ferwûne rekke. Om alve oere hinne waard op it fytspaad foar it azc troch in groep manlju op trije oare manlju sketten.

Ien fan de slachtoffers leit yn koma. Fierder is in slachtoffer yn de foet rekke en is de oare delstutsen. De plysje hat fiif fertochten oppakt. Sy riden yn in reade auto rjochting Stiens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)