Rúzje oanlieding foar sjitpartij

© Omrop Fryslân
De fertochten fan de sjitpartij by it azc Burmania yn Ljouwert binne in 20-jierrige Ljouwerter, in 21-jierrige Amsterdammer, in 28-jierrige Middelburger en in 20-jierrige ynwenner fan Gilze en in 24-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak.
De 5 manlju krigen rúzje mei trije oare manlju. Se wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De slachtoffers binne 2 Ljouwerters (21 en 22) en in ynwenner fan Littenseradiel (20).