Maresjaussee as earste by azc

19 aug 2004 - 15:42

De maresjaussee wie woansdeitejûn as earste te plak nei de sjitpartij by it azc Burmania yn Ljouwert. Dy hat in post by de fleanbasis, flakby it asylsikerssintrum, en guon meiwurkers hiene de sjitterij heard.

Twa meiwurkers fan de maresjaussee binne mei kûgelwarrende festen nei it azc tagien. Sy ha de trije ferwûnen fersoarge en de plysje en ambulânses op de hichte steld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)