Behanneling Eye4Care mei net

19 aug 2004 - 12:55

De 49-jierrige frou út Harns dy't de Harnzer klinyk Eye4Care en de Nederlânske steat foar de rjochter dage hie, hat dy saak ferlern. De frou hie it koart pleit oanspand om't se woe dat de klinyk de behanneling trochsette soe.

De frou hat al alve jier kanker en hie baat by de behanneling. Mar de klinyk mei fan de rjochter gjin behannelingen mear útfiere, om't wurknimmers gjin medysk foech ha. De frou fynt dat se yn har keuzefrijheid beheind wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)