Nijpels foarman Milieu Centraal

19 aug 2004 - 11:15

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels is de nije foarsitter fan Milieu Centraal. Dat is in ûnôfhinklike organisaasje dy't konsuminten ynformaasje jout oer hoe't je it bêste rekken hâlde kinne mei it miljeu.

Nijpels wie earder minister fan Miljeusaken. Hy folget as foarsitter fan de stifting Milieu Centraal syn Grinzer kollega Hans Alders op. Jierliks besykje 700.000 minsken de website www.milieucentraal.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)