Gjin protten rein yn Fryslân

19 aug 2004 - 09:58

It Wetterskip Fryslân is opluchte: de protten reinwetter dy't foar de nacht nei tongersdei ferwachte waarden, binne net fallen. It wetterskip makke him woansdei noch op foar in wiete nacht. Der waard rekken hâlden mei 20 oant 30 mm wetter.

Ut foarsoarch is woansdeitejûn om alve oere it Hooglandgemaal yn Starum opstart, om't it peil yn de boezem net hurd genôch sakke. De buien binne lykwols om Fryslân hinne gong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)