Slachtoffer foar altyd skeind

19 aug 2004 - 09:41
Foto: Omrop Fryslân

De 16-jierrige 'Jamai' út Ljouwert, dy't ferline wike troch har eks-freon yn brân stutsen waard, bliuwt foar altiten skeind. Dat seit har bêste freondinne Laura út Marssum. It slachtoffer wurdt tongersdei opereard yn it Akademysk Sikehûs yn Grins.

Justysje woe woansdei net sizze oft de fertochte al in folsleine bekentenis ôflein hat. Justysje woe ek neat kwyt oer mooglike oare saken dêr't de jonge by belutsen wie.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)