Plysjeman fraudeart mei boetes
In Fryske plysjeman is ûntslein fanwege fraude. De 48-jierrige man wurke op de ôfdieling dêr't de bekeurings ferwurke wurde. Hy hat in pear kear regele dat hy syn eigen ferkearsboetes net hoegde te beteljen.
Yn febrewaris kaam de plysje de saak op it spoar en stelde in ûndersyk yn. De korpsbehearder fynt de saak sa slim dat hy de meiwurker ûntslein hat.