Frou stelt jild mei pinpas

© Omrop Fryslân
De plysje hat in 53-jierrige frou út Drachten oanholden dy't mei in stellen pinpas tûzenen euro's opnaam hat. De frou wurke by in soarchsintrum yn Drachten en hie de pinpas stellen fan in 95-jierrige bewenster.
De fertochte hat yn de dagen nei de stellerij yn Drachten en Grins yn totaal 3400 euro opnaam. De plysje kaam de frou op it spoar troch opnamen dy't fan har makke wiene by in pinautomaat. Sy komt ynkoarten foar de rjochter.