Slieppiraat aktyf yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Bêd en Brochjes yn Fryslân ha lêst fan in soarte fan slieppiraat. It giet om in man dy't oernachtet en dan sûnder te beteljen útnaait. Soms stelt er ek út keamers. De feriening Bêd en Brochje hat syn leden warskôge foar de slieppiraat. It giet om in man fan yn de 40, ôfkomstich út Rotterdam.
Tiisdei koe de plysje him hast oanhâlde yn Easterein dêr't er besocht te oernachtsjen. Hy hat seker op trije oare adressen yn Fryslân taslein.