Verbeek yn berop tsjin straf

18 aug 2004 - 10:28

Hearrenfean-trainer Gertjan Verbeek giet yn berop tsjin in skorsing fan ien wedstriid. Verbeek soe fan de KNVB no sneon tsjin Roda JC op 'e tribune sitte moatte fanwege grof taalgebrûk tsjin skiedsrjochter Pieter Vink ôfrûne wykein yn de wedstriid tsjin AZ.

Vink stjoerde Verbeek fuort omdat dy sodemieter op tsjin him sei. Verbeek wol no útlis wêrom't er skorst wurdt. Hy fynt dat er gjin besteande noarmen en wearden skeind hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)