Snits wol grutter starteilân

18 aug 2004 - 08:53

As it oan de gemeente Snits leit sil it starteilân yn 'e Snitsermar flink útwreide wurde. De gemeente Snits hat plannen om it eilân oan it oare eilân yn 'e mar, it Skareilân, te keppeljen. Dat wurdt no ûnderhâlden troch de Marrekrite. It gearfoegjen fan 'e eilannen smyt 150 nije lisplakken op.

Njonken it gruttere starteilân wol de gemeente de foarsjennings op kemping De Potten ferbetterje. Ek komme der goed 40 fakânsjehúskes by op de Potten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)