Fryske Gea helpt reiddompen

17 aug 2004 - 18:10

It Fryske Gea is tiisdei begûn mei it oanlizzen fan slinken yn it natuergebiet de Makkumer Noardwaard. Dat is om in klimaat te skeppen dat foar mear fretten soargje moat foar de reiddomp. De fûgel sil as dat net bart gau útstjerre.

Op dit stuit binne der noch mar twa reiddomppearkes yn de Makkumer Noardwaard. It projekt kostet 30.000 euro en wurdt betelle troch de fûgelbeskerming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)