Keunstwurk Dokkum wer teplak

© Omrop Fryslân
It keunstwurk dat ferline wike stellen wie yn Dokkum, is wer teplak. It is tiisdeitemiddei fûn yn de sleatswâl oan de Hantumerdyk by Dokkum. It brûnzen keunstwurk stie sûnt de ein fan de jierren '60 op in sokkel oan de Stasjonswei. It makke diel út fan in rige fan trije.
Yn in kantoar fan Talant yn Kollum is moandeitenacht ynbrutsen. De ynbrekkers hawwe byldskermen en in laptop mei- nommen. De plysje siket tsjûgen.