Gedicht yn Flylanner sân

© Omrop Fryslân
Foar de oprop 'Dichten in het zand' fan de Flyhors Express binne al mear as hûndert ynstjoerings. De Flyhors Express drukt al in skoft reklame foar it eigen bedriuw yn it strân troch in tekst dy't yn de tsjillen fan de auto kerve binne.
It bedriuw wol no ek kultuer ôfdrukke yn it sân fan Flylân. It gedicht dat úteinlik troch in sjuery op Flylân keazen wurde sil, wurdt yn in jier 5 miljoen kear yn it sân fan Flylân drukt.