Goedkeape kaartsjes bus súkses

© Omrop Fryslân
De aksje fan ferfiersbedriuw Noordned mei in spesjaal simmertaryf soarget foar tsientûzenen ekstra reizigers yn de wike. Yn de aksjeperioade, dy't noch in wike duorret, kinne busreizgers foar ien euro troch de provinsje reizgje.
De aksje docht fertuten. Benammen de bussen nei Terherne, De Jouwer, Harns en Stiens sitte faak fol. Nettsjinsteande it súkses fan de aksje sil Noordned de priis fan in kaartsje net struktureel ferleegje.