Santi Kolk nei Feyenoord

© Omrop Fryslân
Fuotballer Santi Kolk giet fan SC Hearrenfean nei de Rotterdamse klub Feyenoord. Kolk hat dêr in kontrakt tekene foar twa jier, mei in opsje op nochris twa jier. Hy is transferfrij fuortgien.
De oanfaller komt út foar Excelsior, mar trainer Ruud Gullit fan Feyenoord kin him wol alle mominten oproppe. Santi Kolk is 22 jier en komt út Den Haach. Hy is syn loopbaan by ADO Den Haach begûn. Dêrnei gie er nei it Fean.