1 Arrestaasje, 100 saken oplost

17 aug 2004 - 11:01

Mei it oanhâlden fan in man fan 39 jier hat de plysje hûndert gefallen fan stellerij oplost. Yn de measte gefallen pakte de man de beurs of tas ôf fan âldere froulju. Hy makke faak earst in praatsje en sloech dan ta.

De man, sûnder wen- of ferbliuwplak, is ferslaafd oan heroïne en hie jild nedich. Nei alle gedachten wie er al aktyf sûnt begjin ferline jier. De plysje koe him oanhâlde oan de han fan it sinjalemint dat slachtoffers joegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)