Repetysjes Bonifatiusopera begûn

© Omrop Fryslân
Moandei binne yn teaterstudio De Bres yn Ljouwert de repetysjes begûn fan de Bonifatiuopera. Der wurdt hurd wurke, yn trijeeninheale wike moat twaeninheal oere opera ynstudearre wurde.
It rint noch net stoarm mei de kaartferkeap. Op 9 septimber is yn de Ljouwerter Harmonie de premjêre fan it stik oer it libben fan de Ingelske biskop. Dy is wol útferkocht, mar foar de oare fiif foarstellings binne der noch in soad plakken frij.