Banen fuort by dokterswacht

© Omrop Fryslân
By de Dokterswacht Fryslân ferlieze tolve minsken har baan. It giet om dokters-assistinten. Sy binne yntusken op de hichte brocht.
De fiif húsartseposten yn Fryslân wurde fan ein septimber ôf mei in kompjoeter mei inoar ferbûn. Dat is effisjinter. Wa't dan bygelyks bellet mei ien fan de dokterwachten en net ien berikke kin, wurdt automatysk trochferbûn mei ien fan de oare posten. Fan takom moanne ôf is der ek in dokterswacht yn Snits.