Cambuur ferslacht FVC mei 0-9
It team fan fuotbalklub Cambuur hat tiisdeitejûn mei 0-9 wûn fan FVC. Dat is in amateur-sneinsearsteklasser út Ljouwert.
Yn de earste helte waarden der trije doelpunten skoard troch Cambuur. Yn de twadde helte wiene der noch seis treffers. De doelpuntemakkers wiene Michel van Zundert, Jan Bruin, Ruben Schaken en Daniël Luketa.