Skorsings foar Harkemase Boys

16 aug 2004 - 15:32

Njoggen leden fan fuotbalferiening Harkemase Boys binne troch de KNVB skorst. Dat barde nei oanlieding fan de opskuor by de distriktsfinale, op 20 maaie yn Súdlaren. Leden fan Harkemase Boys krigen doe spul mei guon fan WKE.

De skorsings fariearje fan fjouwer oant seis moanne. It bestjoer fan Harkemase Boys is net ferantwurdlik steld en straft, om't it goed meiwurke hat oan it ûndersyk en sels ek it fuotbalfandalisme ôfwiist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)