Interlude nei Filmfestival
It filmprojekt Interlude fan de Ljouwerter keunstner Marten Winters is selektearre foar it haadprogramma fan it Nederlânsk Filmfestival. Interlude is in rige koarte pauzefilmkes dy't opboud binne út besteande fideo- en filmbylden.
Interlude waard earder ek fertoand op it Noordelijk Filmfestival en it Filmfestival Rotterdam. It Nederlânsk Filmfestival is fan 22 september oant 1 oktober yn Utrecht.