Deadlik ûngelok yn Langsweagen

© Omrop Fryslân
In deadlike oanriding hat sneintemoarn betiid plakfûn by Langsweagen. In 55- jierrige automobilist fan Langsweagen stie stil by syn wenning. In frou (19) stapte op 'e dyk út de auto. Ut de rjochting De Gordyk kaam in auto dy't de frou nei alle gedachten oanried.
It slachtoffer stie ûnder in strjitlantearne. De 19-jierrige wie op slach dea. De auto dy't de oanriding feroarsake waard bestjoerd troch in 21-jierrige ynwenner fan Jobbegea.