Soargen CDA oer feiligens

© Omrop Fryslân
It CDA yn de gemeente Ljouwert makket him slim soargen oer de feiligens yn de stêd. De partij skriuwt dat yn in brief oan B&W fan Ljouwert. It CDA neamt in hiele rige ynsidinten, benammen yn de binnenstêd en de Frijheidswyk.
Yn dy wyk spile him ferline wike freed noch in deadlike sjitpartij ôf. It CDA fynt dat de Frijheidswyk, lykas de binnenstêd, as risikogebiet oanmerkt wurde moat. Dan mei dêr ek previntyf fûljearre wurde troch de plysje.