Nije jiskewein Weststellingwerf

15 aug 2004 - 16:39

De gemeente Weststellingwerf krijt in jiske-auto mei sydbelading. De frachtwein hat in griper oan de sydkant, dy't de smoargenskontener sels oppakt en leechsmyt. No moatte meiwurkers fan de gemeente de konteners noch nei de achterkant fan de wein ride en dan op in laadstoel sette.

Mei de nije wein hoege der dus minder minsken ynset te wurden by it opheljen fan it smoargens. De nije auto sil pas takom jier ynset wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)