FK fierljep: Schievink en Prins

© Omrop Fryslân
Frysk kampioen fierljeppen is sneon Henk Schievink fan Burgum wurden. Hy ljepte 18.17 meter. De sprong wie ekstra bysûnder om't Schievink in jetlag hie en in hiel skoft gjin pols oanrekke hie.
By de froulju wie der in ferrassend earste plak foar Ineke Prins fan Ie. By de junioaren gie de winst nei Piet Scherjon (17.15m). Twad yn dy kategory waard Hannes Scherjon. Jacob Scherjon krige de titel by de jonges.