Jeroen de Vos IFKS-kampioen 2004

© Omrop Fryslân
De Eelkje II fan Jeroen_de_Vos kaam sneon op ´e Lemmer as fjirde oer de streek, en dêrmei waard De Vos earste yn it klassemint. Twad waard Tony_Brundel en tred Siebo_Zijsling.
De striid om it kampioenskip gie sneon tusken De_Vos en Zijsling. It waard in spannende striid. De_Vos lei earst achter mar rûn letter wer yn en naam doe in foarsprong op Zijsling. Dy bleau yn de middenmoat hingjen. Sneon einigen Tony_Brundel en Martin_Vlasbloem 1 en 2.