NLTO ynventarisearret wetterskea

© Omrop Fryslân
Boere-organisaasje NLTO sil in ynventarisaasje meitsje fan 'e skea dy't bouboeren ha fan 'e rein fan freed. De NLTO hat de situaasje freed al op ferskate plakken besjoen. Moandei krije de boeren yn de swierst troffen gebieten in skeaformulier, dêr't se op ynfolje kinne watfoar skea se hawwe.
Op basis fan dy ynformaasje sil de NLTO besykje om in skeafergoeding te krijen by de oerheid op basis fan 'e spesjale ramperegeling.