Drost (17) yn basis Hearrenfean

© Omrop Fryslân
It 17-jierrige talint Jeroen Drost sil sneontejûn syn kompetysjedebút meitsje foar Sportclub Hearrenfean. Hearrenfean begjint dit seizoen mei de lestige útwedstriid tsjin AZ. De wedstriid komt te betiid foar de nije Poalske oankeap Thomas Rzasa.
Hearrenfean mei Rzasa net opstelle, omdat it de autoriteiten net slagge is om de papierwinkel dy't by de transfer nedich is op 'e tiid klear te krijen. Drost is de ferfanger fan Rzasa.