Wetterskip set Woudagemaal yn

14 aug 2004 - 14:23

Foar it earst yn 'e skiednis is yn 'e simmer it Woudagemaal by Teakesyl ynset. It wetterskip hat it gemaal freedtejûn ynskeakele en yn 'e nacht fan freed op sneon wie it folslein op stoom. De ynset fan it Woudagemaal is nedich omdat it Fryske wetterpeil de ôfrûne twa dagen mei tsien sentimeter omheech gien is.

Alle sluzen en gemalen wurkje dit wykein op folle krêft om it peil wer te ferleegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)