Werle ferslacht Kazimdzjanov

14 aug 2004 - 14:07

Skaker Jan Werle fan Beetstersweach hat tongersdei in histoaryske oerwinning behelle op wrâldkampioen Kazimdzjanov. Hy dit dat yn 'e sande ronde fan it Hogeschool Zeelandtoernooi yn Vlissingen. Werle (21) spile mei swart en wûn yn it einspul nei 42 setten.

Troch de winst komt Werle yn it toernoai op it twadde plak, in heal punt achter koprinner Stellwagen. De Oezbeek Kazimdzjanov waard twa moanne lyn wrâldkampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)