Hakansson op staazje yn Ingelân

13 aug 2004 - 17:45

De Deenske fuotballer Jesper Hakansson fan SC Heerenveen rint dizze wike staazje by de Ingelse earste divyzje- klub Nottingham Forest. Nei alle gedachten wurdt de kommende dagen dúdlik oft de middenfjilder dêr ek in kontrakt tekenje kin. De hast 23-jierrige Hakansson wol nei in oare klub omdat hy by it Fean net genôch oan spyljen takomt. Heerenveen hat in oerskot oan middenfjilders en hy heart meast net by de earste kar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)