Man oppakt foar lestichfallen

13 aug 2004 - 15:01

De plysje hat dizze wike in 44-jierrige ynwenner út de gemeente Skarsterlân oanholden. De man hie op 'e Jouwer ferskate kearen âldere froulju lestich fallen.

De man belle thús oan by froulju en die se seksuele foarstellen. De man hat bekend. Him wurdt skeining fan de goede seden en oantaasting as lêst foarlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)