Plysje: Snitswike wie rêstich

© Omrop Fryslân
De ôfrûne Snitswike hat de rêstichste west fan 'e lêste jierren, neffens plysjewurdfierder Olijerhoek. Der wiene dit jier neffens de plysje folle minder ynsidinten as oars, en dat wylst der op it starteilân en yn 'e stêd folle mear publyk wie as oars.
Ien swiere mishannelingen en de achterfolging fan in swimmer wiene noch de slimste ynsidinten. Mar oer it generaal is de plysje goed te sprekken oer de Snitswike fan 2004.