Gauwer oerlis meldkeamer en KNRM

© Omrop Fryslân
De meldkeamer fan de plysje yn Ljouwert sil tenei earder ynformaasje jaan oan de minsken fan de rêdingsmaatskippij KNRM. Dat hat de plysje tasein, nei oerlis mei de rêdingsmaatskippij.
Wol gauris binne der ynsidinten wêrby't de kommunikaasje bot te winskjen oerlit. Ein july noch sieten op Skiermûntseach in pear minsken yn need op in sânbank. De kustwacht lei kontakt mei de meldkeamer, mar dy sloech gjin alarm by de KNRM.