Stjerrerein goed te sjen

13 aug 2004 - 10:46

De stjerrerein wie woansdeitejûn hiel goed te sjen by Folksstjerrewacht fan Burgum. Sa'n 50 minsken wiene op de Perseïden-rein ôfkaam, en dy hiene gelok. It wie in heldere nacht en der wie dan ek in soad te sjen.

As ekstra hie de Folksstjerrewacht ek noch in kuier organisearre. Om't de stjerrewacht even bûten it doarp leit, witte de toeristen it paad net altyd te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)