Reisburo platbelle oer Ghana

© Omrop Fryslân
Grutte problemen foar it Drachtster reisburo fan Nico de Vries-reizen. Sûnt ferline wike tongersdei sitte der sa'n hûndert Nederlanners dy't fia De Vries boekt hawwe, fêst op it fleanfjild yn de Ghanese haadstêd Accra.
It Drachtster reisburo wurket in protte gear mei Ghana Airways. Dizze fleanmaatskippij hat lykwols materiële problemen wêrtroch der te min fleantugen beskikber binne. De reizgers wurde mooglik tongersdei ophelle.