Meidwaan sylster De Jong ûnwis

12 aug 2004 - 17:54

Olympysk Yngling-sylster Petronella de Jong hat lêst fan in lykwichtsstoarnis. De sylster krige de ôfrûne wiken lêst fan in firusynfeksje. Har teamlieder Karst Hut ferklearre woansdei dat der alles oan dien wurdt om De Jong dochs starte te litten yn 'e Ynglingklasse.

As dat net slagget moat De Jong ferfongen wurde troch in oare sylster. Dat soe dan mooglik Hanneke Buis wurde kinne, dy't al langer sparringpartner is fan 'e Olympyske Yngling-ploech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)