Baxter-systeem yn Oentsjerk

© Omrop Fryslân
In nij automatisearringsysteem by de húsdokterspraktyk Trynwâlden yn Oentsjerk moat de medisynferstrekking in stik makliker meitsje. In oerienkomst tusken de apteek, de dokterspraktyk en de SPITS-apteek út Appelskea moat dêrfoar soargje.
By it Baxter-systeem wurde de bestellingen trochjûn oan it systeem yn Appelskea en dêr makket in robot de medisinen op maat klear. Dit makket it in stik ienfâldiger en dêrom feiliger.