Makkum wint de Freulepartij

12 aug 2004 - 13:55

It Makkumer jongespartoer fan Lennart Adema, Hyltje Bosma en Jorn Adema wûn woansdei yn Wommels de 102de Freulepartij. Yn in wat iensidige finale rekkene Makkum frij maklik ôf mei Pieter Vogels, Alwin Bastemeijer en Steven de Bruin, dy't foar Tsjummearum keatsten.

It waard yn 'e lette finale, dy't pas nei acht oere begjinne koe, 5-0 en 6-6. By Tsjummearum ferfong de jonge Steven de Bruin Jacob van der Mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)