Stek tsjin wyldkampearen

12 aug 2004 - 13:54

In grut stek tusken camping It Soal en deirekreaasjeterrein De Punt by Warkum moat wyldkampearen op dat terrein tsjingean. Neffens wethâlder Smit gebeurt it fierstente faak dat der nachts gebrûk makke wurdt fan it gemeentlike terrein.

Oerdeis bliuwt de mooglikheid bestean om mei in camper of karavan De Punt op te riden. Eigner Mondeel fan It Soal hat in kaai fan it stek en kin dei-rekreëarders talitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)