Bank tefreden mei healjiersifers

12 aug 2004 - 12:24

De Friesland Bank is tefreden mei de sifers oer it earste healjier fan 2004. It giet noch hieltyd min mei de ekonomy en de beurzen steane der ek net bêst foar. Dochs is it eigen fermogen fan de bank mei 55 miljoen euro tanommen ta 611 miljoen.

As it byld yn de twadde helte fan it jier net tefolle feroaret, tinkt foarsitter Offringa dat de netto-winst oer it hiele jier mei 5 oant 10 persint tanimme sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)