Swierferwûne by ûngelok Jirnsum

12 aug 2004 - 12:18

By in auto-ûngemak op de Reinerswei by Jirnsum is woansdei in jonge fan 19 jier swier ferwûne rekke. De jonge rekke de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn in sleat. Hy moast troch de brânwacht út de auto knipt wurde. Dernei is it slachtoffer oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

De brânwacht hat noch in skoft yn de sleat socht nei mear slachtoffers, mar dy waarden net oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)