Brundel wint silen by Sleat

© Omrop Fryslân
Tony Brundel hat woansdei it IFKS-silen by Sleat wûn. Efter him einigen Jacob Huisman en Martin Vlasbloem.
De wedstriid hie in tumultueuze start dêr't trije kânshawwers by belutsen wiene: Brundel, De Koe en Meijer. Meijer wist dêrnei noch fan it lêste plak nei it tredde te silen, mar besleat by de finish net te finishen, om sa strafpunten foar te kommen. Dat slagge lykwols net. Brundel die tige goede saken foar it klassemint.