Alkoholkontrôle op Snitsermar

© Omrop Fryslân
In soad skippen sette de saneamde 'Bob' yn, sa ûnderfûn de wetterplysje woansdei by in grutte alkoholkontrôle op 'e Snitsermar. De plysje kontrolearre dêr 133 skippers.
Trije dêrfan hawwe in boete krigen om't se te folle drank ophiene. Der binne fierder 13 boetes útskreaun foar ûnder oare te hurd farren, lûdsoerlêst en minne ferljochting. Fierder waarden der 13 boetes útskreaun foar te hurd farren lûdsoerlêst en minne ferljochting.