Grut ûngelok op A6

© Omrop Fryslân
Op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer hat woansdei by de brêge oer de Skarsterrien in grut ûngelok plakfûn. By de botsing wiene trije auto's, ien karavan en in frachtauto belutsen. Ien auto is oer de kop slein, de karavan is hielendal fernield.
Neffens de plysje binne der fjouwer ferwûnen. Har tastân is net krityk. De dyk is ôfsletten en sil dat wierskynlik oant yn de jûntiid bliuwe. Ferkear nei De Lemmer wurdt omlaat.