Makkum en Tsjummearum yn finale

© Omrop Fryslân
Makkum en Tsjummearum ha de finale helle fan de Freule keatspartij. De heale finale tusken Makkum, dat earder titelfavoryt Wommels útskeakele, en Hartwert einige yn 5-4, 6-6.
De oare heale finale gie tusken Tsjummearum en Goutum. Goutum keatste de hiele dei mei twa man. Dy joegen lang goed wjerstân, mar moasten dochs har meardere erkenne yn it oare partoer. Op 5-3, 6-0 einige it mearke foar de twa Goutumers.